Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Alde leafde
 

Alde leafde

Baukje Wytsma

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.Typ op Google it wurdsje liefde en do komst bygelyks út by Mooie Liefdes Zinnen en Liefdes Teksten, in website mei kant-en-kleare leafdesferklearringen dy'tst samar opstjoere kinst fia Facebook, Twitter, Skype, sms of Whatsapp.Hoe oars wie dat yn earder tiden doe't in leafdesbrief noch mei in sacht plofke op de doarmatte foel, de ûntfanger it hânskrift en de postsegel beseach, in stil plakje opsocht en de ynhâld op him of har ynwurkje liet. Alde leafde, sis mar, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. Wat dat oangiet is der, ek yn dizze tiid, noch altyd neat feroare.Hoe't it gong mei de leafdesferklearringen op papier yn dit boek Alde Leafde (skreaun tusken 1941 en 1971), is te lêzen yn in tsiental briefwikselingen út dy tiid tusken jonge minsken út ferskate plakken yn Fryslân, fan Jiskenhuzen oant Hoarnstersweach...

Al verkrijgbaar vanaf € 32,95.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 32,95 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Wyt ljocht
 

Wyt ljocht

Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht. Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles begjint en einich is. Dêrtusken is libben, is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske syn eigen aventoer, ommers yn it wite ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear....

€ 17,50
Meer info

Bol Sale 2024
Bol Sale 2024