Wurkleazens, earmoed en strideraasje yn tsjerke! Reden genôch foar hûnderten Friezen yn ‘e midden fan de 19de ieu om fol betrouwen en hoop ôf te setten nei de ‘Nije Wrâld’. Se hienen in dream! Amearika wie it lân fan frijheid, romte, wurk en wolfeart. Yn 1847 emigrearre in grutte groep Friezen nei de steat Michigan. In swiere en gefaarlike reis fol lijen en tsjinslaggen. Djipwei yn it oerwâld kappen se har in nij wenplak: Vriesland. It wie in striid op libben en dea. Gerrit Damsma rekke (as journalist fan it Friesch Dagblad tidens syn reis troch Michigan) fassinearre troch de ferhalen oer dy earste lânferhuzers. Hy tekene harren libbensferhaal op yn dizze histoaryske roman, dy’t no as twadde druk ferskynt. “In goede dramatyske opbou (...), de ein is sterk. In heldere en effektive styl. In weardige oade oan de iere Fryske emigranten.” (Leeuwarder Courant) “... fan dat momint ôf hat it ferhaal jin yn de besnijing en wurdt it dreech it boek oan ‘e kant te lizzen.” (Friesch Dagblad) “ ‘De beam fan belofte’ liket my in boek dat mear noch as ‘It wrede paradys’ de lêzer meinimt nei de rauwe werklikens fan it emigrantebestean yn de 19de ieu. In monumint!” (Geandewei)
Al verkrijgbaar vanaf € 20,57.
Aanbieder | Prijs | ||
---|---|---|---|
1 nummer voor € 20,57 | Bestellen |
Werkloosheid, armoede en getwist in de kerk! Reden genoeg voor honderden Friezen in het midden van de 19de eeuw om vol vertrouwen en hoop af te reizen naar de ‘Nieuwe Wereld’. Ze hadden een droom. Amerika was het land van vrijheid, ruimte, werk en...