Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van De rôf fan de Fryske mummy
 

De rôf fan de Fryske mummy

Jorrit de Klerk

“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan ’e preekstoel. De trep fan ’e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op ’e stiennen fan ’e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy’t dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna’s fantasy op ’e rin? Foar’t se it yn ’e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy’t de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe. Dit boek is ek yn it Nederlânsk te krijen.

Al verkrijgbaar vanaf € 16,99.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 16,99 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van De Friese mummieroof
 

De Friese mummieroof

“Twee tellen later zat ik verstopt achter de houten planken van de preekstoel. De trap van de mummiekelder kraakte. Mevrouw Grijs liep de treden op. Had ze me gehoord? Haar hakken tikten op de stenen van de kerkvloer. Elk moment verwachtte ik haar gezicht...

€ 16,99
Meer info

Bol Sale 2024
Bol Sale 2024