Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Djipdún
 

Djipdún

Jan Schokker

Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, Skiermûntseach en Beetstersweach te krijen en sa gefaarlik as yn Djipdún hat hy it noch net earder meimakke. De tydlike, froulike pleatsferfanger fan Heine Hanssen soarget earst foar nochal wat argewaasje, foaral by Wytske, Mar Jo van Aken komt nei wat sy taseit. Dêr mei Ale wol oer al komt sy letter wol wat te tichtby. Djipdún is spannend, mysterieus mar ek loftich. Ale Alema sit op 't heden goed yn syn fel en dat hat foar in part mei Jo van Aken te meitsjen, mar ek mei dochter Jelly. Sy is thús út Itaalje en hat in ferrassing by har. Dit is it tredde boek yn de rige Ale Alema-mystearjes. De earste twa, De Koalmasaak en De SUC-saak en de bonken fan Brongergea, waarden goed ûntfongen. De resjersjeur wurdt hieltyd populêrder by it publyk.

Al verkrijgbaar vanaf € 18,95.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 18,95 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van De flecht fan Victor
 

De flecht fan Victor

It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan ’t sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega’s iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje,...

€ 14,95
Meer info

 
Afbeelding van De heit
 

De heit

Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik...

€ 19,95
Meer info

 
Afbeelding van De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
 

De SUC-saak en de bonken fan Brongergea

Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is...

€ 16,95
Meer info

Bol Sale 2024
Bol Sale 2024