Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêrt Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet. Dit klassike berneboek foar folwoeksenen fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dyt de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset. De linige, hjoeddeiske oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.
Al verkrijgbaar vanaf € 22,50.
Aanbieder | Prijs | ||
---|---|---|---|
1 nummer voor € 22,50 | Bestellen |
Het meesterwerk van J.R.R. Tolkien, al ruim tachtig jaar een bestseller Dit is het verhaal van een Balings die wél een avontuur beleefde en tegen wil en dank volkomen onverwachte dingen deed en zei. Hij mag dan misschien het respect van zijn buren verloren...
De trilogie In de Ban van de Ring vormt de grondslag voor de moderne fantastische literatuur en wordt dikwijls genoemd als het beste boek van de twintigste eeuw. J.R.R. Tolkien, professor Angelsaksisch aan de universiteit van Oxford, dacht voor dit werk...