Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin. As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr't Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr't se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp. Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr't se it nei 't sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin. Hilda Talsma stiet bekend om har flotte en frisse skriuwstyl. Har boeken lûke in breed publyk. Earder skreau se de trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern.
Al verkrijgbaar vanaf € 22,50.
Aanbieder | Prijs | ||
---|---|---|---|
1 nummer voor € 22,50 | Bestellen |
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt...
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies...
Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar...