Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van De Onniefariant
 

De Onniefariant

Hilda Talsma

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It geloksbern, letter bondele ta de Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn de jierren 2015, 2016 en 2017 ferkynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners, letter bondele yn de Wyntrilogy. Yn 2019...

Al verkrijgbaar vanaf € 21,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 21,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Brekber
 

Brekber

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as...

€ 22,50
Meer info

 
Afbeelding van De Onnie's en it hynstebal
 

De Onnie's en it hynstebal

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt...

€ 21,50
Meer info

 
Afbeelding van De twadde hud
 

De twadde hud

Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar...

€ 21,50
Meer info

Bol Sale 2024
Bol Sale 2024