Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van De Onnie's en it hynstebal
 

De Onnie's en it hynstebal

Hilda Talsma

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend! 'Wer in hearlik Hilda-boek!' Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It geloksbern, letter bondele ta de Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn de jierren 2015, 2016 en 2017 ferkynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de...

Al verkrijgbaar vanaf € 21,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 21,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Brekber
 

Brekber

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as...

€ 22,50
Meer info

 
Afbeelding van De Onniefariant
 

De Onniefariant

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies...

€ 21,50
Meer info

 
Afbeelding van De twadde hud
 

De twadde hud

Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar...

€ 21,50
Meer info

Bol Sale 2024
Bol Sale 2024